Simmergast Slimane Elhilmi: "Wy hawwe echt in multy-kulty-moskee"

18 jul 2021 - 15:30

"Wy moatte it mei syn allen dwaan", dat is it kredo fan de 42-jierrige Slimane Elhilmi fan It Hearrenfean. Hy is foarsitter fan de Marokkaanske mienskip op It Hearrenfean. Hy wie snein in oere lang simmergast yn Buro de Vries fan Omrop Fryslân.

As foarsitter fan de Marokkaanske mienskip is hy in oansprekpunt foar de gemeente, mar ek fan de wykagint en de jongelju.

De Marokkaanske mienskip is net sa grut mear as it west hat. Der is sprake fan fergrizing. In soad jongere Marokkanen binne ferhuze nei oare parten fan it lân. Dochs is it wol drok by de El Fath-moskee op It Hearrenfean. Der komme hieltyd mear minsken út oare lannen. Syriërs en Irakezen bygelyks. "Wy hawwe echt in multy-kulty-moskee", seit Slimane Elhilmi.

Ferbining

Elhilmi is no trije jier foarsitter fan de mienskip en fynt it in moaie taak. Hy wol graach foar ferbining soargje tusken ferskate groepen. Dat slagget him aardich, seit hy.

De moskee is in plak foar eltsenien. Ek Nederlânske minsken binne fan herte wolkom seit Slimane. Dat bart ek wol as der aktiviteiten organisearre wurde. In Nederlânske freon fan Slimane helpt bygelyks ek mei as der aktiviteiten binne.

Slimane Elhilmi wie te gast yn Buro de Vries

Mei twa jier nei Nederlân

Slimane Elhilmi kaam nei It Hearrenfean doe't hy twa jier âld wie. Heit wurke hjir al langer, mei it idee nei in pear jier werom te gean nei syn heitelân, mar dat barde úteinlik net. Dus kaam de famylje nei Fryslân. Hy groeide op It Hearrenfean op en learde sa ek de Fryske taal en bygelyks it fierljeppen.

Opgroeie yn in moslimhúshâlding en dêrbûten de Nederlânske noarmen hat foar him noait in probleem west. "Myn heit hat syn stjonkende bêst dien, wy hawwe in soad frijheid krigen as bern."

Ik haw yn myn hiele libben heechút seis moannen yn Marokko west, it is foar my in fakânsjelân.

Slimane Elhilmi

Heit libbet net mear, mar mem wennet ek noch op It Hearrenfean. De heit fan Slimane wurke 40 jier by de waskerij op It Hearrenfean. Slimane wit eins neat mear fan syn jongste jierren yn Marokko en soe ek net werom wolle en kinne. "Ik haw yn myn hiele libben heechút seis moannen yn Marokko west, it is foar my in fakânsjelân."

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Offerfeest

Corona sit ek de feesten fan de moslims yn de wei. Dat der in hiel goeie bân is mei de Hearrenfeanske mienskip sjogge je by it Offerfeest en de Ramadan. It Offerfeest kommende tiisdei wurdt hâlden op de kuorbalfjilden fan Blau Wyt en ferline jier wie dat al op de atletykbaan. Neffens Elhilmi binne de kontakten hiel goed, ek fan de gemeente. Boargemaster Van der Zwan stiet bygelyks efter de mienskip.

Ekstremisme

Fan ekstreme islamoanhingers moat Slimane Elhilmi neat hawwe. De ideeën fan IS hâldt hy fier fan him. Yn de El Fath-moskee preekt de imam benammen de leafde foar God en dat eltsenien omearme wurde moat.

As der misledigingen binne rjochting de profeet Mohammed dan lûkt Elhilmi eins de skouders op. Hy lûkt it him wol oan, mar lit it fierder gewurde. "Us God seit dat je dêr neat mei dwaan moatte. Hy is de iennige dy't oardielje mei."

Reinbôgeflagge

Op de fraach oft it sa is dat homoseksualiteit troch moslims net akseptearre wurdt, seit Slimane dat dat faak ek út ûnwittendheid komt. Neffens him is eltsenien yn de moskee wolkom. Op de fraach oft der ek in reinbôgeflagge by de moskee hingje kin, antwurdet de foarsitter fan de Marokkaanske mienskip: "Wêrom net? Do hast no in baltsje opgoaid."

It radioprogramma Buro de Vries hat dizze simmer tsien wiken lang alle wiken in simmergast. Hy of sy is dan in oere lang te gast en njonken in goed petear, draaie we muzyk dêr't de gast wat mei hat.

It folsleine petear mei Slimane Elhilmi is te finen op omropfryslan.nl/burodevries en as podcast op de bekende platfoarms.

(Advertinsje)
(Advertinsje)