RIVM: 231 nije besmettingen yn Fryslân

18 jul 2021 - 15:19

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 231 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne 55 minder as sneon, doe gie it om 286 coronabesmettingen.

Foto: Omrop Fryslân

Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 242 besmettingen meld.

De measte besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân mei 42. Dêrnei folgje Ljouwert mei 37 en Smellingerlân mei 33.

Gjin stjergefallen en sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin minsken opnaam yn it sikehûs as gefolch fan it coronafirus.

Lanlik

Lanlik binne 10.247 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it yn de ôfrûne wike 10.052 besmettingen deis.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)