Ald-wethâlder fan Smellingerlân Pieter van der Zwan tydlik nei Westerkwartier

18 jul 2021 - 14:01

De âld-wethâlder fan Smellingerlân Pieter van der Zwan wurdt foardroegen as tydlik wethâlder foar de ChristenUnie yn de gemeente Westerkwartier.

Pieter van der Zwan - Foto: Omrop Fryslân

De 40-jierrige Van der Zwan ferfangt partijgenoat Bert Nederveen dy't fanwegen sykte it wurk dellei. Op 25 augustus wurdt er ynstallearre.

Yn 2019 makke Van der Zwan de oerstap fan de de polityk nei de jeugdsoarch yn Fryslân. Dêrfoar wie er njoggen jier aktyf yn de polityk yn Smellingerlân, earst as riedslid en letter as fraksjefoarsitter. Yn 2017 waard er wethâlder. Nei de ferkiezingen yn 2018 waard er wer riedslid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)