Ljouwerter tennisser Sander Arends wint earste toernoai op ATP-nivo

De Ljouwerter tennisser Sander Arends hat it ATP-tennistoernoai yn it Sweedske Båstad yn twa sets wûn. Hy stie dêr yn de finale mei syn dûbeldmaat David Pel.
Sander Arends earder dit jier © www.orange-pictures.nl
Se moasten it yn de finale snein opnimme tsjin André Begemann (út Dútslân) en Albano Olivetti (út Frankryk).
De earste set gie mei 6-4 nei it duo Arends/Pel. Ek de twadde set like in proai foar se te wurden. By 5-0 gie it noch heel even mis, mar op 5-2 wie de oerwinning dan dochs binnen.
Yn in goed oere wie de wedstriid beslikke.
It is de earste toernoai-oerwinning op ATP-nivo foar Sander. Earder stie er trije kear yn de finale. Gewoanwei spylje Arends en Pel ien nivo leger op challengernivo.