FIDEO: Tsjerketsjinst yn Easterwâlde

Yn Fryslân ferfalle in soad tsjerketsjinsten yn ferbân mei it coronafirus. Om Friezen dochs in tsjerketsjinst meimeitsje litte te kinnen, stjoert Omrop Fryslân alle sneinen om 10.00 oere live in tsjinst út. Dizze snein komt de tsjinst út Het Anker yn Easterwâlde wei.
De tsjinst wurdt laat troch pastor Marian Boersen. Oargelist is Henk Oosterhuis. Der is muzyk fan de sjongers fan Ancora mei soliste Petra Voskuilen.
Besjoch de liturgy fan dizze tsjinst.