Keatsers fan Boalsert winne NK jonges yn Bitgum

De keatsers fan Boalsert hawwe sneon yn Bitgum it NK jonges wûn. Yn de finale wiene Dytmer Kuperus, Yoram Elzinga en Redmer Cnossen te sterk foar Dronryp mei 5-0 en 6-4.
Winnende partoer fan Boalsert © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Dronryp waard yn de finale pleage troch blessueres. Jorrit Nanninga en Rick Minnesma foelen mei blessueres út.
De tredde priis wie foar it partoer fan Moarre/Ljussens. Ien fan de favoriten foar de Freulepartij yn Wommels, it partoer fan Berltsum, kaam net fierder as de fjirde priis. Dy dielde dat plak mei Jellum-Bears.
De nûmers 1, 2 en 3 yn Bitgum © Omrop Fryslân, Aise van Beets