Follybalster Sjanet Wijnia jout plak yn earste fan VC Sneek op om blessuere

18 jul 2021 - 08:26

Follybalster Sjanet Wijnia (22 jier) fan Wommels docht in stap werom en jout har plak yn it earste fan VC Sneek op fanwegen in langrinnende blessuere.

Foto: www.orange-pictures.nl

Neist follybal is Sjanet Wijnia ek in bekend keatster. By it keatsen yn Makkum sneon fertelde se dat se al jierren lêst hat fan knarsbien (kraakbeen) nei't se yn 2018 troch de knibbel gongen is.

"Doe is de meniskus ôfskuord en hat in stik kraakbeen meinaam. Dêrnei ha ik eins altyd in dikke knibbel hâlden. Ik bin wer operearre en doe is in stik kraakbeen fuorthelle en is de meniskus skjinmakke. Doe waard al sein dat soks altyd opspyljen bliuwe koe. Fiif moannen nei de operaasje gong it eins hiel goed. Dêrnei hie ik konstant in dikke knibbel. De konklúzje is dat dy skea oan it kraakbeen yn it paad sit. Yn oerlis mei de dokter en fysio is oerlein dat ik better net mear springe kin. Dat betsjut dat ik myn fokus lis as libero en net mear as passer-loper."

Se hat ek doelbewust in stap weromset út it earste nei VC Sneek 2. "Dat is topdifyzje en ha ik al earder spile. Ik koe as twadde libero by it earste, mar ik wol graach spylje en ûnderfining opdwaan."

Bale

Se woe de top helje yn it follybal. "It gong ek goed, ik ha dit seizoen echt in stap makke, dus dit is balen. Mar it is wol ferstannich. Ik fyn mountainbiken en skyen ek leuk, en ik wol letter ek noch bern dêr't ik wat mei dwaan kin. It echte besef komt letter noch wol, earst mar lekker keatse."

Sjanet Wijnia

(Advertinsje)
(Advertinsje)