Koikarpers swimme yn Park Vijversburg: "In hamburgermenu is djoerder"

17 jul 2021 - 22:12

Foar it earst yn twa jier koe yn Europa wer in koikarpershow hâlden wurde. Yn Park Vijversburg by Tytsjerk stiene tsientallen wetterbassins fol mei djoere fisken.

Koikarpers yn Vijversburg:

It wie foar it earst dat yn Noard-Nederlân yn koikarpershow te sjen wie. Mar as it oan de organisaasje leit, is it net de lêste kear. "As we no sjogge nei it oantal besikers, is de ferwachting dat we dit no jierliks weromkomme litte", seit Roelof Drenth fan de organisaasje.

Koikarpers ha de namme dat se hiel djoer binne, mar dat hoecht hielendal net sa te wêzen, seit er. It is mar krekt hokker fisk oft je keapje. "Dat is mei auto's ek sa. Kinst in Fiat Panda keapje, mar ek in Lamborghini." John de Leur is it mei him iens. "Voor 10 euro kun je al een koi kopen. Een hamburgermenu is duurder."

De Leur is sjuerylid by de koikarpershow. Hy kiest de 'Grand Champion', de allermoaiste koi.

Dit is de bêste fisk fan de sjo

De Leur sjocht nei de bou fan de fisk, nei de ûntwikkeling fan de kleuren, en nei de sûnens fan de hûd. "De vissen hebben transport gehad, ze zitten in een vat, en hebben toch een beetje stress."

De priis is foaral de eare, mar de winner krijt ek in grut pak fiskfoer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)