Friezen bringe Jong Oranje net fierder as heale finale op WK follybal

17 jul 2021 - 21:24

De spylsters fan Jong Oranje binne op it WK follybal net fierder kaam as de heale finale. Servië wie mei 3-1 te sterk.

Foto: Orange Pictures

Yn it team spylje twa Fryske follybalsters: Hyke Lyklema fan De Gordyk en Rixt van der Wal fan Haskerhoarne. Lyklema stie yn de basis, as spulferfielster.

Oranje kin noch altyd in priis winne op it WK. Snein spylje se om it tredde plak, tsjin Ruslân. Yn de twadde ronde spilen de Nederlânske froulju ek al tsjin de Russen. Doe wûn Oranje mei 3-1.

(Advertinsje)
(Advertinsje)