Sander Arends hellet finale fan ATP-toernoai yn Sweden

17 jul 2021 - 19:42

De Ljouwerter tennisser Sander Arends hat de finale helle fan it ATP-tennistoernoai yn Sweden. Arends docht dêr oan mei mei syn dûbeldmaat David Pel.

Foto: Orange Pictures

It is de fjirde kear dat Arends in finale hellet fan in ATP-toernoai. De earste kear wie, krekt as no, yn Båstad, yn Sweden. Dat is in saneamd ATP-250 toernoai, ien nivo heger as de challengertoernoaien dy't Arends en Pel gewoanwei spylje.

Arends en Pel wûnen yn de heale finale fan Pablo Cuevas (út Oerûguay) en Fabrice Martin (út Frankryk), mei 2-6, 7-5 en 10-7.

De finale begjint snein om 12:00 oere. Arends en Pel nimme it dan op tsjin André Begemann (út Dútslân) en Albano Olivetti (út Frankryk).

Trefwurden: 
Sander Arends tennis Bastad
(Advertinsje)
(Advertinsje)