Nije besmettingen yn soarchsintrum op It Amelân, mar karantêne hâldt op

17 jul 2021 - 21:31

Twa bewenners en ien meiwurker fan in soarchsintrum op It Amelân binne posityf test op corona, neidat it firus moandei by in oare meiwurker fûn wie. Sûnt dy tiid sieten alle bewenners yn karantêne.

De Stelp - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

"Het prettige nieuws is dat op basis van deze uitslagen alle andere bewoners van de Stelp weer uit quarantaine kunnen", seit Willem van der Kooi fan it soarchsintrum.

De bewenners dy't posityf test binne, wurde op de eigen keamer isolearre. Yn totaal wenje der 34 minsken yn it soarchsintrum.

De meiwurker dy't posityf test is, hat yn de ôfrûne dagen oan it wurk west. Neffens it soarchsintrum hat dat net foar besmettingsgefaar soarge. Se wurke folslein beskerme. No bliuwt se thús.

'Erger leed voorkomen'

"We beseffen ons dat de quarantaine voor de bewoners, de naasten en onze medewerkers een vervelend besluit is geweest", seit Van der Kooi. 'We zijn echter blij dat we snel hebben gehandeld en daarmee wellicht erger leed hebben kunnen voorkomen."

Minsken dy't op besite komme wolle yn De Stelp, binne wer wolkom. Se moatte dan wol in mûlkapke op, oardel meter ôfstân hâlde, en de hannen goed waskje.

Der hat wol krityk west op de karantêne op It Amelân, mar Van der Kooi koe net oars, seit er. "Voor nu was dit de beste manier om het coronavirus een halt toe te roepen, en onze bewoners zoveel mogelijk tegen het virus te beschermen."

De kommende tiid wurde de bewenners ekstra yn de gaten holden, seit Van der Kooi. "Bij eventuele klachten testen we gelijk."

(Advertinsje)
(Advertinsje)