Marten Bergsma ferliest earste omloop, mar wint keatsfinale yn Makkum

It partoer fan Marten Bergsma, Dylan Drent en Willem Heeringa hat it troch-inoar-lotsjen yn Makkum wûn. By de froulju wiene Wybrig Bakker, Manon Scheepstra en Martzen Deinum de bêsten.
Dylan Drent © Orange Pictures
Bergsma spile op it plak fan Peter van Zuiden. Dy koe net meidwaan fanwege in blessuere. Omdat Bergsma mei Pieter Jan Plat en Jelte-Pieter Dijkstra yn de earste omloop ferlear, koe er as ferfanger optrede. Dat is mei lotsjen bepaald.
Bergsma-en-dy wûnen de finale fan Tjisse Steenstra, Kees van der Schoot en Hans Wassenaar. It waard 5-2/6-6.
By de froulju wûn it partoer fan Wybrig Bakker yn de finale mei 5-1/6-4 fan Serena Hovenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra.
Harkje nei de reaksje fan de winners