Foeke Booy "giet de goeie kant op" nei harsenynfarkt

17 jul 2021 - 16:52

It giet de goeie kant op, mei de sûnens fan technysk manager Foeke Booy. Dat seit trainer Henk de Jong fan SC Cambuur.

Foto: Orange Pictures

Booy is troffen troch in harsenynfarkt. "Foeke hat my belle", sei De Jong. "It giet de goeie kant op. Dêr bin ik bliid om."

De taken fan Booy wurde foarearst oernaam troch finansjeel direkteur Gerald van den Belt. Booy wie sûnt 2017 as technysk manager aktyf foar SC Cambuur. Hy is al sûnt syn jeugd oan de klup ferbûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)