Brandsma mist magyske 21 meter, mar wint Burgum oertsjûgjend

De sechsde fierljepwedstriid fan it seizoen is mei oermacht wûn troch Nard Brandsma. Hy sprong mear as in meter fierder as de nûmer twa, mar kaam krekt net oer de magyske 21 meter hinne.
De winnende sprong
Oane Galama waard twadde, mei in sprong fan 19,87. Nard Brandsma sprong 20,99. It is de fierste sprong dy't dit jier yn Fryslân ljept is. Yn de finale kaam Brandsma ek noch ta 20,64 m, dus hy wie fierwei de sterkste yn Burgum. Dêrmei nimt hy ek wer de liederstrui oer fan Sytse Bokma, dy't mei 19,48 m tredde waard.
De folsleine wedstriid is werom te sjen op de youtube-side fan Omrop Fryslân, mei kommentaar fan sportferslachjouwer Freark Wijma en analist Hannes Scherjon.
Brandsma wint Burgum oertsjûgjend

It reint persoanlike rekôrs yn Burgum

Der koenen leafst njoggen persoanlike rekôrs byskreaun wurde. De man fan de wedstriid like Germ Terpstra út Tsjom te wurden. Dy ljepte by de jonges in geweldich nij PR fan 17,63 meter en stie oant de lêste ronde op kop. Arend Veenstra út Surhuzum pakte yn de lêste finalesprong lykwols dochs noch de winst mei 17,77 m. It is foar Veenstra de 6e winst op rige, mar hy moast dizze kear djip gean. Douwe Abma waard tredde mei 16,82 m.

Famkes

De bêste fan de famkes wie Hanneke Westert. Ek sy ferpulvere har PR, twa kear sels. Dat wie 14,99, mar gie fia 15,28 m. nei 15,60. Ferrassende nûmer twa by de famkes waard Jeltske Terpstra. De suster fan Germ ferbettere har PR nei 14.81 m. Hilde van der Weij waard tredde (13,99).

Froulju

Tessa Kramer wûn by de froulju. Ek sy sette in prachtich nij PR del fan 16,69 m. (wie 16,32) Sigrid Bokma (15,02) en Baukje de Boer (14,23) makken it poadium kompleet.

Junioaren

Wisse Broekstra waard kampioen by de junioaren, mei 18.58. Twadde waard dêr Rutger Haanstra (18,48), tredde Minne Smit (17,03).
Tessa Kramer ferpulveret PR yn Burgum
Yn totaal wurde der 15 reguliere wedstriden sprongen. Alle ljeppers nimme de sân bêste sprongen mei nei it einklassemint, en de sterksten wurde dan selektearre foar it FK yn Winsum.
It FK fierljeppen is op 4 septimber yn Winsum en it NK is op 18 septimber yn Burgum. Beide kampioenskippen binne by Omrop Fryslân live op telefyzje te sjen.