SC Hearrenfean wint mei muoite fan earstedifyzjonist Top Oss

17 jul 2021 - 15:59

Hearrenfean hat mei muoite wûn fan Top Oss. It gie om in oefenwedstriid. It winnende doelpunt foel pas yn de 87ste minút.

Foto: Orange Pictures

De Fryske doeplpunten wiene fan Stanislav Shopov, Tibor Halilovic en Rodney Kongolo. It is de twadde oefenwedstriid dy't Hearrenfean wint.

De earste helte wie net goed, sei trainer Johnny Jansen nei ôfrin. "Toen speelden we wandelvoetbal. Daar winnen we niet mee. De tweede helft had veel meer dynamiek."

Jansen hat in protte wiksele, yn de wedstriid. "We laten iedereen nu nog zoveel mogelijk voetballen, maar dat gaat de komende tijd anders worden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)