RIVM: 286 nije besmettingen yn Fryslân

17 jul 2021 - 15:28

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 286 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 58 mear as freed, doe gie it om 228 coronabesmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 235 besmettingen meld.

De measte besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert mei 48. Dêrnei folgje Súdwest Fryslân mei 46, en Smellingerlân mei 38.

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne wol twa minsken opnaam yn it sikehûs, as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Ljouwert en Achtkarspelen.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik binne 11.134 nije coronagefallen registrearre. Dat binne der wat minder as in dei earder.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)