Cambuur wint twadde oefenwedstriid op rige

SC Cambuur hat de oefenwedstriid yn Delden tsjin it Belgyske RWD Molenbeek sneon mei 1-0 wûn.
© Orange Pictures
It iennige doelpunt fan de wedstriid kaam op namme fan Mitchell Paulissen. Nei in lange oanfal frommele hy de bal achter de doelman fan Molenbeek. Dat wie yn de 38ste minút.
In betide goal fan de Belgen koe foarkaam wurde troch Pieter Bos mei in rêding yn de koarte hoeke. Issa Kallon wie fuort dêrnei gefaarlik mar hy miste de romte om doel te treffen.

"Gjin heechsteande wedstriid"

"It wie gjin heechsteande wedstriid", sei trainer Henk de Jong nei ôfrin. "Se hiene in protte ferdigeners, en dêr hiene wy wat muoite mei."
De earste oefenwedstriid wûnen de Ljouwerters mei 6-0 fan Telstar. Dit wie de twadde oefenwedstriid fan Cambuur, nei't earder dizze wike de wedstriid tsjin FC Dordrecht net trochgie.
"It sil net de lêste wêze dy't net trochgiet", seit De Jong, "der binne safolle besmettingen. Dan kin ik my drok meitsje om in nije tsjinstanner te krijen. En dat doch ik ek wol, mar dy krijst net op de lêste dei."