Waarman Gerrit Hiemstra oer ekstremen: "Yn de simmer is soks noch noait foarkaam"

De ekstreme reinbuien fan ôfrûne wike en de oerstreamingen dy't dêrtroch ûntstien binne yn Súd-Limburch en benammen Dútslan, binne foar de minsken dêr in drama. En it ropt de fraach op yn hoefier't wy yn de takomst faker te krijen ha sille mei dit soart natuergeweld.
© ANP
Gerrit Hiemstra is waarman by de NOS en as wittenskipper hâldt er him al langer dwaande mei ûndersyk nei klimaatferoarings. "Yn de simmer is it noch noait yn dizze foarm foarkaam. Sels it rekôr fan 1926 mei de heechste wetterstân yn de Maas wie yn de winter. Dêr binne we no oerhinne. Soks kenne we net fan de simmer." Hear nei wat er noch mear te fertellen hat:
Gerrit Hiemstra