Transportbedriuw Portena oernommen

17 jul 2021 - 13:38

Transportbedriuw Portena op It Hearrenfean is oernommen troch transportbedriuw Nedcargo út Waddinxveen. De direkteuren fan de twa bedriuwen ha de oername freed meidield oan de meiwurkers. Foar de 250 meiwurkers op It Hearrenfean hat de oername gjin neidielige gefolgen.

Sjoch nei de reportaazje

Beide bedriuwen koenen elkoar al en wurken ek al gear. De oername wie al op 1 jannewaris fan dit jier. De fêstiging op It Hearrenfean bliuwt gewoan bestean en alle sjauffeurs en oare meiwurkers hâlde harren wurk. Dochs wie by de meiwurkers wol wat emoasje doe't se it nijs hearden.

"It nijs kaam wat plotsklaps", seit foarsitter Piet de Vries fan de ûndernimmingsried. "Net ien wist derfan. De reaksjes wienen wikseljend. Guon moatte it wat besinke litte."

Lokale identiteit

It betsjut de ein fan in grut Frysk bedriuw dat as nevenfêstiging fan in grut bedriuw fierder giet en net mear selsstannich is. De oername is net út in krisis dien, mar it binne twa sûne bedriuwen dy't de lapen gearsmite. De namme Portena bliuwt foarearst op de frachtweinen stean. Direkteur Kleinsmidt bliuwt ek. "De nieuwe eigenaar vindt het belangrijk dat er een lokale identiteit blijft."

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Nedcargo hie gjin fêstiging yn it noarden en sjocht Portena as in fersterking en in oanfolling. Direksje en ûndernimmingsried sjogge foardielen en kânsen troch de oername en it bedriuw hat de ambysje fierder te groeien.

Portena is as famyljebedriuw oprjochte yn 1932 yn Langwar en gie letter nei It Hearrenfean. It hat no 100 frachtweinen op de dyk en is dêrmei yn it noarden ien fan de gruttere bedriuwen yn de transportsektor.

Piet de Vries fan de ûr en Ron Kleinsmidt, direkteur Portena

(Advertinsje)
(Advertinsje)