Undernimmers wiis mei plan foar nije hûzen yn Wâldsein

17 jul 2021 - 12:51

Wâldsein krijt tritich nijbouwenten, as de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân akkoart giet mei it foarstel fan it kolleezje. De ûndernimmersferiening is wiis mei it plan.

Foto: Shutterstock

"Juist in deze tijd is het belangrijk dat we dit zo in samenwerking met de gemeente gedaan kunnen krijgen. Wonen is veel in het nieuws en we zijn er al een paar jaar mee bezig om te kijken hoe we dat in de leefbaarheid kunnen inpassen. We hebben het plan voorbereid de afgelopen jaren en nu is het door de gemeente omarmd", seit Gert-Jan Cozijnsen, foarsitter fan de ûndernimmersferiening Wâldsein.

It gie om in proef yn de gemeente Súdwest-Fryslân. "Deze manier van samenwerken was nieuw voor de gemeente en ook voor de dorpen."

Soad minsken wolle yn it doarp bliuwe

Lykas yn mear plakken is der ferlet fan wenningen yn it doarp. "De nood is hoog, voor jongeren die uit huis willen is geen plek en ook voor mensen die kleiner willen wonen is ook geen plek. Het speelt in de breedte van de markt, dus aan de onderkant en in het hogere segment. Veel willen hier blijven wonen en daar willen we graag in voorzien."

Hy tinkt dat de nije wenningen goed foar de ekonomy binne. "Maar het gaat ook om de leefbaarheid op lange termijn. We hebben ook mensen nodig die willen wonen en werken in de buurt en dat stimuleert ook weer de bedrijvigheid."

De nije huzen moatte komme op 16 bunder lân dat no noch in agraryske bestimming hat. It stik lân leit tusken de rûnwei N928 en bedriuweterrein De Welle yn. De gemeenteried praat op 30 septimber oer it plan.

Gert-Jan Cozijnsen

Trefwurden: 
Wâldsein wenningen
(Advertinsje)
(Advertinsje)