Pensjonearre Pieter Weening docht sels ek 'even in rûntsje' yn eigen Classic

De Pieter Weening Classic stiet dizze sneon op it programma, mei start en finish yn Surhústerfean. De hurdfytser fan De Harkema, en nammejouwer fan de hurdfytswedstriid, joech it offisjele startskot. Ek al is er mei pensjoen, hy fytst sels ek 'even in rûntsje'.
Pieter Weening Classic yn 2019 © Atze van der Ploeg
Pieter Weening is bliid dat it evenemint yn dizze tiid dochs trochgean kin. "We ha der moai waar by en sa te sjen is de opkomst ek goed." Yn novimber 2020 is er mei pensjoen gien. "Ik sit net mear alle dagen fjouwer of fiif oeren op de fyts. Mar it hat altyd myn passy west, dus ik fyn it net sa slim om no even in rûntsje te fytsen."
Nei syn pensjoen hat er noch wol traind, mar net mear wedstriden fytst. "Net mear yn it folume en de oeren dy't ik die, mar ik ha wol in protte rûn. En ik wurkje foar Shimano, in leveransier fan fytsûnderdielen. Ik bin wol mei nei ynternasjonale wedstriden dus." Hy wennet yn België, mar wol ein dit jier wer nei Fryslân ferhúzje. "It is net mear nedich om alle dagen troch de Ardennen te knallen."
Pieter Weening
Pieter Weening yn 2020 © Omrop Fryslân
Om it evenemint coronaproof te hâlden, starte de dielnimmers yn groepkes. De 1200 dielnimmers kinne kieze út fiif ôfstannen (25, 40, 60, 100 en 150 kilometer).