Grutte reinbôge fleuret Ljouwerter Stasjonsplein op

17 jul 2021 - 12:13

Op it Stasjonplein yn Ljouwert is sneon in demonstraasje foar en troch de LHBTQIA+ mienskip. It is in reaksje op de negativiteit dy't stedskeunstner Cote Create earder oer har hinne krige nei oanlieding fan har reinbôgekeunstwurk op de Voorstreek.

Sjoch nei de reportaazje

Se meitsje no in noch grutte reinbôge op de stoepe. Der binne tsientallen minsken oan it krytsjen. Taskôgers krije net iens de kâns om te te sjen, want se krije fuort in krytsje yn de hannen treaun. De sfear is goed en de reaksjes binne posityf. Elk kleuret in stikje mei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)