Omrop TIP: Beklimmers fan it flakke lân (diel 2): Lânskip

17 jul 2021 - 10:00

FryslânDOK skriuwt in nij ferhaal foar it plattelân. Oer minsken dy't de kop boppe it meanfjild útstekke, foaropgeane en rjochting sykje. Lânskip en natuer is it tema fan diel 2 fan 'Beklimmers fan it flakke lân'. Te sjen op 17 july by NPO2 en op 18 july by Omrop Fryslân. Der heart ek in podcast by. Dizze wike prate we mei filosoof Eric Brinckmann.

Podcast

Yn de podcast 'Ferhalen fan it flakke lân' fan Bart Kingma en Karen Bies wurde de wittenskippers út de 'Beklimmers' wiidweidich ynterviewd. Yn diel 2 is dat filosoof Eric Brinckmann. Dêr't de stêd foaral in massa beton is mei wat griene plakjes, is it plattelân ien grut lânskip mei hjir en dêr bebouwing. It lânskip is in wêzentlik ûnderdiel fan it libben op it plattelân. Mar de bewenners hawwe harsels hieltyd mear loskeppele. Filosoof Eric Brinckmann wol de relaasje tusken minsken en lânskip werombringe.

Natuer en lânskip

De Noardlike Fryske Wâlden wol ek dat de ferbining tusken minsk en natuer sterker wurdt. Dy organisaasje stimulearret boeren de rol fan lânskipsbehearder op har te nimmen. Boargers wurde útnûge foar aktiviteiten yn it fjild. Foarsitter Albert van der Ploeg hat it ta syn misje makke om de minsken wer oan it lânskip te ferbinen.

Dyselde misje hat Douwe Gerlof Heeringa. Syn Waadherberch 'The Friezinn' op De Westhoek wurdt in plak dêr't it lânskip sintraal stiet foar syn gasten. Mei lokale produkten, tochten oer it Waad en ferhalen fan it lân.

Albert van der Ploeg yn it lân - Foto: Omrop Fryslân

Beklimmers

Mei de searje 'Beklimmers fan it flakke lân' jout FryslânDOK romte oan nije inisjativen, faak lytsskalich en lokaal, basearre op grutte ideeën en idealen. Fan pluktunen oant technologyske ynnovaasjes, fan in 'Blue Zone' oant nije foarmen fan demokrasy. Alle njoggen ôfleverings hawwe in eigen tema: perspektyf, natoer & lânskip, lânbou, sûnens, it doarp fan de takomst, jongeren, bestjoer, spiritualiteit en, as lêste, de Fryske kultuer. De plannen en ideeën komme fan wittenskippers en fan de plattelânsbewenners sels.

De FryslânDOK-searje is makke troch programmamakkers Bart Kingma en Albert Jensma. It kamerawurk is fan Jan Bensliman, Bauke de Haan die de montaazje.

Rinne oer it waad - Foto: Omrop Fryslân

Fryslân DOK: 'Beklimmers fan it flakke lân, diel 2: Lânskip. Dit is in werhelling fan 15/16 novimber.


Sneon 17 july, 15.30 oere, NPO2 (werhelling snein 18 july 13.10 oere)
Snein 18 july, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.

(Advertinsje)
(Advertinsje)