GGD riedt fakânsjegongers oan om nije testôfspraak te meitsjen

17 jul 2021 - 09:44

Troch fertraging by laboratoarium Eurofins kinne fakânsjegongers net binnen 30 oeren útslútsel krije oer har test foar de fakânsje. GGD Fryslân docht dêrom oant en mei moandei gjin testen fan reizgers en fakânsjegongers.

Foto: Shutterstock.com / SamaraHeisz5

"It is ferskriklik dat dit bart, silst dit wykein mar op reis moatte, mar we kinne der neat oan dwaan. It leit bûten ús macht", leit Nils van Mourik fan GGD Fryslân út. De fertraging by it laboratoarium hat te krijen mei in technyske steuring by ien fan de masines. In diel fan de reguliere testen is dit wykein nei in oar laboratoarium brocht, sadat dat flugger kin.

Ek de testen dy't al dien binne, komme net op 'e tiid werom. "De minsken dêr't it om giet, ha in sms-berjocht krigen mei útlis. Se kinne in oare test dwaan litte op testenvoorjereis.nl." It giet om sa'n 7.000 minsken.

Nije test oanfreegje

Ek as minsken in test ynpland hienen, kinne se nei de webside testenvoorjereis.nl en dan in nije test oanfreegje by ien fan de oare oanbieders. "Der binne ek in protte kommersjele oanbieders dy't meidogge yn it programma fan de oerheid yn om july en augustus fergees testen foar de fakânsje oan te bieden."

Nils van Mourik fan de GGD

(Advertinsje)
(Advertinsje)