Alvestêdetocht foar mountainbikes komt werom

17 jul 2021 - 09:19

De alvestêdetocht foar mountainbikes (MTB) komt werom. Dy tocht waard earder al in pear kear organisearre, mar hâlde yn 2016 op. De minsken achter de Fytsalvestêdetocht pakke de MTB-tocht dit jier wer op.

Mountainbike - Foto: Shutterstock.com

De alvestêdetocht is op 25 en 26 septimber; beide dagen mei start en oankomst yn Boalsert.

"De tocht is fiif kear earder organisearre en we fûnen it in moai evenemint en eins skande dat it ophâlde, dus ha we frege oft we it oernimme mochten", seit Stephan Rekker, foarsitter fan de Fytsalvestêdetocht.

It moaie fan Fryslân sjen litte

Der kinne maksimaal 500 dielnimmers meidwaan. "De rûte is hiel oars as by de gewoane fytsalvestêdetocht. Der is in noardlus op de sneon fan 195 kilometer en op de snein is de súdlus fan 140 kilometer. Se komme oer ferhurde en ûnferhurde paden, by boeren op it hiem en troch natuergebieten. We wolle it moaie fan Fryslân sjen litte."

Trochdat se oer ûnferhurde paden ride, leit it tempo wat leger. "It wurdt echt ôfsjen. It wurdt inkeld in toertocht, der komt gjin tocht foar wedstriidriders."

Stephan Rekker

De ynskriuwing start freed. Mountainbikers kinne har oanmelde op de webside fan de Fytsalvestêdetocht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)