Albert Visser nei it sjen fan film oer Lemster skûtsje: "Ik wie der gewoan stil fan"

17 jul 2021 - 09:00

"De film is prachtich, echt fakwurk. Ik wie der gewoan even stil fan", sei skipper Albert Visser nei it sjen fan de miny-dokumintêre oer it Lemster skûtsje. Mei syn frou en it bestjoer wie er by de premjêre freedtejûn. De film is makke troch Jordy Schouten.

It skûtsje fan De Lemmer - Foto: SKS

"En dan giet it oer myn grutte passy, it skûtsjesilen. Om dat te sjen, is hartstikke moai. Sels bin ik ek faak yn byld, dat is dan wat minder moai, mar wol om it skûtsje te sjen. Foaral omdat we dit jier net sile kinne", seit Albert Visser.

Promoasje

De film fan tsien minuten is bedoeld as promoasje en ek om sjen te litten wat it skûtsjesilen ynhâldt. "Dat is meer dan twee weken zeilen. Er komt onderhoud bij en training en ik wilde de passie en liefde overbrengen op de Lemsters, de Friezen, eigenlijk op iedereen. Dat was ons doel", leit filmmakker Jordy Schouten út. De Lemster woe wat weromdwaan foar syn doarp.

Hy hat oardel jier oan de dokumintêre wurke. "Als je alle facetten op beeld wilt hebben, dan ben je zo een jaar verder. We zaten er dicht op en hadden nauw contact met Albert. Als het skûtsje in het water ging of naar de stralerij, dan werden we gebeld en gingen we erheen."

Sponsor

Albert Visser komt mei syn bedriuw geregeld bûten de provinsje en moat faak útlizze wat it skûtsjesilen ynhâldt. "Dat hoech ik no net mear te fertellen. Ik kin no sizze dat se it filmke mar besjen moatte. Kinne se fuort sponsor wurde."

Minne dagen

De skipper baalt noch hieltyd dat it skûtsjesilen dit jier net trochgiet fanwegen de coronamaatregels. "Ik wie juster wol even bliid, mar fierder ha ik minne dagen hân. Der is net ien dea yn de famylje, mar de stimming is wol sa." Hy sil oare wike gewoan oan it wurk. "Ik tink dat ik dan yn Finlân of Sweden bin. Ik wol hjir net bliuwe mei de boufak. Dat ha ik ferline jier ek dien."

Albert Visser en Jordy Schouten

(Advertinsje)
(Advertinsje)