Keunstrûte Open Stal yn Aldeberkeap giet troch mei 50-jierrich jubileum

Kultuereksposysje Open Stal yn Alderberkeap bestiet dit jier 50 jier en giet nettsjinsteande de coronabesmettingen troch. Ferline jier gie it net troch fanwegen it firus. Dit jier kin it yn oanpaste foarm wol, omdat Open Stal in 'trochrinlokaasje' is.
Sjoch nei de bylden
Open Stal begûn yn 1971 mei in eksposysje fan trije keunstners dy't by it Wapen fan Ooststellingwerf (dat no Theatercafé Le Brocope is), harren wurk tentoanstelden. Fyftich jier letter is Open Stal de âldste keunstrûte fan Nederlân op mear as tweintich lokaasjes.
De jubileumedysje wurdt hâlden fan sneon 17 july oant en mei snein 15 augustus. Keunst is likegoed binnen as bûten te sjen op ferskate plakken lykas yn in skoalle, tsjerke, buorkerij en in bus, mar ek yn it eardere feefoerfabryk fan Aldeberkeap.
Katinka Leijendekker fan kultuereksposysje Open Stal yn Aldeberkeap © Omrop Fryslân
Dat der grien ljocht kaam is, dêr is Katinka Leijendekker fan de kultuereksposysje tige wiis mei. "Wy moatte hieltyd wer ôfwachtsje hoe't de regeljouwing is. Mar wy binne in trochstreamlokaasje. Dus as alles goed giet mei ús Open Stal fjouwer wiken trochgean. Wy kinne eltse dei fan 13.00 oant 18.00 los. Wy hawwe wol wat oanpassingen dwaan moatten. It muzykprogramma kin ek net trochgean. Mar de keunst wol en dy is fan hege kwaliteit."
It âlde fabryk yn Aldeberkeap mei it 'verweesde beeld' op it dak © Omrop Fryslân
De organisaasje moat derfoar soargje dat der net tefolle minsken binnen komme. En de minsken dy't der binne, moatte wer trochstreame nei in folgjende lokaasje. "De hoareka past him der op oan, ús frijwilligers ek. Wy ferpartsje ús taskôgers oer fjouwer wiken, wy hawwe 24 lokaasjes oer 3 kilometer. De measte lokaasjes binne bûtendoar, op de lokaasjes sels jouwe wy dúdlik oan wa't der nei binnen kinne."
Somtiden kinne minsken efkes op inoar wachtsje moatte, mar sa moat it dochs slagje. "Oant no ta kinne minsken gewoan op 'e bonnefoai nei Aldeberkeap komme," sa beslút Leijendekker.
Katinka Leijendekker fan de kultuereksposysje Open Stal