OERSJOCH: Wannear komme de Fryske olympiërs yn aksje?

23 jul 2021 - 23:00

De Olympyske Spelen binne no offisjeel iepene. En yn de nacht fan freed op sneon komt direkt in hiele trits Friezen yn aksje. It belangrykste oersjoch fynst hjir.

Foto: Omrop Fryslân

Net fitte Epke Zonderland syn lêste keunstke

Epke Zonderland komt fuort de earste dei yn aksje. Hy moat him freedtenacht (of sneontemoarn) krekt nei trijen besykje te pleatsen foar de finale op de rekstôk. Hy moat dan by de bêste acht dielnimmers einigje.

Ferspraat oer de dei komme trije saneamde subdifyzjes yn aksje. Subdifyzje 1, mei Epke Zonderland, begjint om 03.00 oere. Letter op de dei binne subdifyzje 2 (06.30) en subdifyzje 3 (12.30). Pas nei al dy dielnimmers wit Epke oft hy him pleatst foar de finale.

Epke is gewoanwei de favoryt, mar it is mar de fraach oft hy dat no wer is. Epke is sels net sa posityf. Hy twivelet bot oer syn foarm, oan syn sûnens en oft hy wol genôch traind hat yn de oanrin nei de Spelen. Hy twivele sels oan dielname oan de Spelen.

Skema Epke Zonderland

  • 24 july flak nei 03.00: kwalifikaasje;
  • 3 augustus 11.37: begjin fan de finale.
Foto: Omrop Fryslân

Folkertsma giet foar earste fuotbalmedalje

De earste Fryske olympiër begûn al oan de Spelen foardat de Spelen begûn binne. Sisca Folkertsma fan Sleat spile woansdei 21 july al har earste wedstriid tsjin Sambia. Om it fuotbaltoernoai op tiid klear te krijen, moatte se earder begjinne. De wedstriid tsjin Sambia waard in doelpuntespektakel: 10-3 foar Oranje.

Oranje spilet yn de pûl mei Sambia, Brazilië en Sina. Dat binne de nûmers 104, 7 en 15 fan de wrâldranking. Nederlân is oan syn stân ferplichte om de pûlfaze te oerlibjen en de kwartfinales te heljen. De earste twa fan de pûl gean troch, mar ek de bêste twa nûmers trije. Der dogge tolve lannen mei, ferspraat oer trije pûls.

Amearika hat fjouwer kear goud wûn en is ek no de grutte favoryt. Dútslân wûn de lêste kear goud. Njonken Amearika, Dútslân en Nederlân binne Grut-Brittannië, Frankryk, Sweden en Brazilië ek kânshawwers foar in medalje.

Rekôrynternasjonal Sherida Spitse is op it lêste momint útfallen. Se wie yn Japan mei de seleksje, mar moandei rekke se blessearre op de training. Dêrtroch leit se wiken út de rûlaasje.

Skema fuotbalfroulju:

  • 21 july om 13.00: Nederland-Sambia (10-3 winst);
  • 24 july om 13.00: Nederland-Brazilië, Miyagi;
  • 27 july om 13.30: Nederland-Sina, Yokohama;
  • 30 july om 10.00, 11.00, 12.00 of 13.00: kwartfinale;
  • 2 augustus om 10.00 of 13.00: heale finale;
  • 5 augustus om 10.00: striid om brûns;
  • 6 augustus om 04.00: finale, Olympysk Stadion, Tokyo.
Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)