Kolleezje fan Súdwest-Fryslân wol 30 nije wenten yn Wâldsein

16 jul 2021 - 22:02

Der komme tritich nijbouwenten by yn Wâldsein. Alteast, as de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân akkoart giet mei it foarstel fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders om jild beskikber te stellen foar de ûntwikkeling fan it wenningbouplan It Skar 2 yn it doarp.

Foto: Shutterstock.com (Franke de Jong)

Yn it earste part fan it plan waarden yn 2012 al 77 wenten oplevere. Krekt as yn oare doarpen is der ek yn Wâldsein bot ferlet fan betelbere hier- en keapwenten.

De tritich nije huzen moatte komme op 16 bunder lân dat no noch in agraryske bestimming hat. It leit tusken de rûnwei N928 en bedriuweterrein De Welle yn. De gemeenteried praat op 30 septimber oer it plan.

Trefwurden: 
Wâldsein nijbou Skar 2
(Advertinsje)
(Advertinsje)