GGD Fryslân docht foarearst gjin coronatesten by fakânsjegongers: fertraging by laboratoarium

16 jul 2021 - 21:04

GGD Fryslân docht oant en mei moandei gjin testen fan reizgers en fakânsjegongers. It skrassen fan it testen hat te krijen mei fertraging by laboratoarium Eurofins. Dy hat te folle tiid nedich om alle testen te ferwurkjen. It is net mooglik om fakânsjegongers binnen 30 oeren útslútsel te jaan.

Foto: ANP

Fryslân is net de iennige, mar ien fan de seis regionale GGD's dy't fan dizze fertraging te lijen hawwe.

Nije ôfspraak meitsje

Fakânsjegongers dy't in test oanfrege hiene, kinne op ynternet of fia 0800-5005 in nije ôfspraak meitsje. It kin dan foarkomme dat sy nei in oare regio moatte foar in test, of sels dat sy by in kommersjele oanbieder test wurde moatte.

Seis regio's

De oare regio's binne Grinslân, Drinte, Rotterdam-Rijnmond, Haaglanden en IJsselland. Yn totaal moatte der goed 7.000 minsken mei in ôfspraak op 'e hichte steld wurde troch de GGD. Dat bart ûnder oare fia sms.

(Advertinsje)
(Advertinsje)