Nei in dei opûnthâld ride wer treinen oer fersakke spoarbrêge Frjentsjer

16 jul 2021 - 19:21

Nei sawat in hiele dei opûnthâld ride der wer treinen tusken Ljouwert en it stasjon Harns Haven. Arriva hat oerdeis bussen ynset om't bliken die dat de spoarbrêge by Frjentsjer fersakket mei wurksumheden. Neffens ProRail wurdt de brêge non-stop yn de gaten hâlden en ride de treinen der foarearst mei in lege snelheid oerhinne.

Foto: Omrop Fryslân, Lennard Geerts

Ut in ynspeksje hat bliken dien dat treinen mei 40 km it oere wol oer de brêge kinne. ProRail seit te wurkjen oan it opknappen fan de brêge, sa't de treinen der wer op normale snelheid oerhinne kinne.

Trefwurden: 
trein brêge Frjentsjer
(Advertinsje)
(Advertinsje)