Fryske brânwacht kaam net yn aksje yn Limburch: "Wat onbevredigend"

De Fryske brânwacht ried tongersdei mei 21 minsken nei it rampgebiet yn Súd-Limburch. Sy binne ûnderdiel fan de Nationale Reddingsvloot, mar dochs kamen de brânwachtlju net yn aksje. "Dat is wel wat onbevredigend," seit offisier Frans Berkhout. Tusken de brânwacht en de koördinaasje fan de rêdingsbrigade wie neffens him ûnbegryp.
De Fryske brânwachtlju ûnderweis nei Limburch © Orange Pictures
De brânwachtlju kamen út De Lemmer, Jobbegea, Wolvegea en Harns. Ut namme fan Veiligheidsregio Fryslân koene sy helpferliening leverje, mar dêr is dus net folle fan kaam. Offisier Berkhout jout oan dat der net folle dien is. Hy seit dat der benammen 'paraatheid geboden' is.

Unbegryp

"We hadden continu het idee: we willen wat doen," sa seit Berkhout it. "Daarom hebben we onderling ook steeds gekeken naar de mogelijkheden. Daar was ik als officier van dienst ook over in gesprek met de coördinatoren van de reddingsbrigade."
Mar de kommunikaasje rûn noch net perfekt. "Over het algemeen begrepen wij elkaar niet helemaal. Dat heeft vooral te maken met het vakjargon. Dat kennen we over en weer niet. Dat is jammer. Maar uiteindelijk zijn we wel tot een goede afspraak te komen. We zouden nog naar Noord-Limburg om daar ondersteuning te bieden. Maar dat bleek niet nodig."

Inoar kenne

De Fryske brânwacht siet op koarte, mar feilige ôfstân fan it oerstreamde gebiet. "Mocht het gaan escaleren en er meer water komen, dan hadden wij de geschikte boten om in actie te komen." Mar dêr kaam it net fan. "Ook omdat de organisaties elkaar nog niet heel goed kennen. We weten nog niet precies waar we goed in zijn en wat we kunnen."
© ANP
It makke dat de Fryske brânwachtlju folle mear mooglikheden seagen as de rêdingsbrigade dy't de koördinaasje oer it rampgebiet hat. "De reddingsbrigade zag die mogelijkheden niet."

Oare wurkwize

Berkhout: "Het kostte wel wat gesprekken om die inzichten over en weer te verkrijgen. Je merkt dat je twee disciplines hebt met een eigen werkwijze. Die werkwijzen zijn in grote lijnen wel op elkaar afgestemd, maar dit soort incidenten gebeurt heel zelden. Zoiets kan maar beperkt geoefend worden."

No hard feelings

Dochs seit Berkhout 'no hard feelings' te hawwen. "De brandweer levert paraatheid. Dat hebben we daar ook gedaan. Natuurlijk is het jammer dat je niet kunt doen waar je voor gekomen bent, maar aan de andere kant is het mooi dat de situatie niet zo geëscaleerd dat wij in actie moesten komen."
Offisier Frans Berkhout fan Brânwacht Fryslân