"Provinsjaal taalbelied docht fertuten", mar dochs: "It kin en moat better"

Deputearre Sietske Poepjes fynt de konklúzjes fan in nij CBS-ûndersyk nei de Fryske taal dûbeld. It ûndersyk lit sjen dat 40 persint fan de minsken yn Fryslân thús Frysk praat. "It is goed nijs dat noch in soad jongelju it prate, mar it getal mocht om my noch wol heger."
Hoe giet it mei de Fryske taal?
It is likegoed goed as min nijs, fynt Poepjes. "It is goed nijs yn de sin dat it noch aardich sprutsen wurdt by jongelju. Dat is wichtich, sizze ek akademisy. Want dat is goed foar taaloerdracht: dan is der takomst. Mar de provinsje is der noch lang net. Wy hawwe ús bêst dien mei it ûnderwiis en de gemeenten, mar der kin noch wol in skepke boppe-op. Der moat mear jild nei it Frysk en it Ryk moat dêr ek foar ta de bûse."

Poepjes: it moat noch better

Dat kin en moat better, fynt sy. "Wy moatte mei it Ryk ynvestearje yn it Frysk op skoalle. Ek it Ryk, want it Frysk is in Rykstaal. En wy moatte sjen litte dat it Frysk net in taal is foar allinne efter de foardoar, mar ek foar it profesjonele libben. Dus net allinne as je mei je maten in potsje bier drinke, mar ek as je mei it sikehûs belje. En dat je it yn de iepenbiere romte sjogge, dus bygelyks op buorden."
It taalbelied fan de provinsje docht fertuten. Dat kinne je wol konkludearje. It hat doel.
prof. dr. Goffe Jensma
Heechlearaar Goffe Jensma is wat it provinsjaal belied oanbelanget wat minder strang. "It taalbelied fan de provinsje docht fertuten. Dat kinne je wol konkludearje. It hat doel."
prof. dr. Goffe Jensma
Yn ferliking mei wat je ferwachtsje en yn ferliking mei oare streektalen komt Fryslân der posityf út, sa fynt Jensma. "Je hiene dat wol oars ferwachtsje kinnen. De meast wichtige útkomst fyn ik dat it Frysk wat minder gefoelich is foar twa fariabelen. As minsken heger oplaat binne bliuwe sy dochs langer Frysk praten. En it Frysk is minder gefoelich foar feroaringen yn leeftiid."
Dat it Frysk in skreaune standerttaal is, helpt bot. "Dat is oars as it Nedersaksysk of it Limburchsk. Der binne ôfspraken oer makke. Dat idee allinne makket al dat minsken ek makliker de taal skriuwen bliuwe. It oantal Fryskpraters bliuwt aardich lyk, dat is al in prestaasje op himsels."

Deadzjende desynteresse

De belangstelling is fan grut belang, dêr kin ek Poepjes har wol by oanslute. "Wat in taal deamakket is totale desynteresse. Dat is net oan de hân. As minsken de taal yn it hert hawwe, komt de goede stavering ek wol. Dus ik sjoch it as in goede basis om fierder te groeien."
Deputearre Sietske Poepjes