Fokdagen by Sumarreheide giene troch: goed foar hannel en hynstefokkerij

16 jul 2021 - 17:36

Hynste-eveneminten wurde op it stuit hast allegearre ôfsein. Ien giet der troch: dy tusken Sumar en Garyp. Mar dan al yn bot ôfslanke foarm en sûnder publyk. Tongersdei wie it konkoers hippyk, freed de fôle-keuring. Goed fyftich spantsjes draafden oer it fjild.

De hynstekeuring giet noch wol troch:

Foarsitter Popke van der Meulen fan de fokferiening Ta it Bihâld is bliid dat de keuring dochs trochgean kin: "It is fan belang foar de hannel en ek foar de fokkerij. De minsken wolle dochs wol witte hoe't it der foar stiet." Publyk is net wolkom by de keuring, al binne der in soad famyljeleden. Van der Meulen: "Dat kin ek goed. Sy hâlde goed ôfstân fan inoar."

Rap skeakelje

Dochs is it oars as oars. "We moasten echt rap skeakelje nei de parsekonferinsje. Mar we woenen dit trochgean litte. Dus hawwe wy alles op alles set om dit dochs op te setten. En sa't it der no stiet, dat makket my hiel bliid", seit Van der Meulen.

De dielnimmers diele dat gefoel. Se kinne har fôltsje sjen litte foar de sjuery. "Je witte wêr't je oan ta binne. Dat is wol moai", seit in fokker.

Dat in fôle-keuring net maklik is, die al gau bliken. De fôle rûn sûnder tou mei de merje mei. Ien hat lykwols sprongambysjes en springt sa de arena út. "It moaie is dat in fôle altyd wol wer weromkomt by de merje. Dat skeelt", seit Van der Meulen.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma

(Advertinsje)
(Advertinsje)