Dykgraaf: "Op zoveel water als in Limburg is ons systeem niet berekend"

Reinbuien fan 100 milimeter op in dei - of 200 milimeter yn twa dagen - lykas yn Limburch, betsjut ek yn Fryslân wiete fuotten. Dat seit dykgraaf Luzette Kroon fan Wetterskip Fryslân.
Dykgraaf: "Op zoveel water als nu in Limburg is ons systeem ook niet berekend"
"Dat zijn hoeveelheden, daar kan geen waterschap tegenop. Ook Wetterskip Fryslân niet." Fryslân is fansels oars as Limburch - mei mear marren en minder hichteferskil - mar ek hjir binne in soad doarpen en stedswiken dêr't wetter by ekstreme reinfal net fluch genôch fuortkomme kin.
Yn in spesjale klimaatatlas foar Fryslân binne al dy kwetsbere plakken yn kaart brocht en dat binne der hûnderten.

Mear plakken nedich om wetter te bewarjen

Om ús better ta te rieden op sok ekstreem waar is it fan belang om mear plakken te hawwen om it wetter op te heinen en te bewarjen of sels stikken lân oan te wizen dy't je ûnderstrûpe litte kinne.
Op de blauwe plakken op de kaart is wetteroerlêst te ferwachtsjen by ekstreme reinbuien © Omrop Fryslân
Dykgraaf Kroon fynt dan ek dat 'foldwaande romte foar wetter' liedend wêze moat by de romtlike oardering fan Fryslân. Wetterskip Fryslân en de provinsje binne dwaande om hjirfoar in saneamde 'blauwe omjouwingsfysy' te ûntwikkeljen.
Een projectontwikkelaar verdient aan stenen; water graven kost alleen maar geld.
Dykgraaf Luzette Kroon
"Je ziet op een aantal plaatsen in Fryslân mooie nieuwe woonwijken met veel water, maar vanzelfsprekend is het nooit. Een projectontwikkelaar verdient aan stenen; water graven kost alleen maar geld."
Noch grutter binne de problemen yn guon âldere wenwiken yn plakken as Ljouwert of Drachten. De oplossing kin net allinnich fan it wetterskip komme, seit frou Kroon derby.

Boeren en boargers kinne helpe

Ek boeren en boargers kinne dêr in soad oan bydrage, bygelyks troch de sleatten op djipte te hâlden, fivers of wetterberging oan te lizzen of in reintonne yn de tún te setten. "Alle kleine beetjes helpen. Een tuin zonder tegels vangt ook water op. In een straat met alleen betegelde tuinen kan de riolering het al snel niet meer aan."
Twa wiken lyn stienen de strjitten yn Easterwâlde noch blank © Noordernieuws.nl
It stiet foar Kroon wol fêst dat de ekstreme wetterfal en wetterhichtes yn Limburch mei de klimaatferoaring te krijen hawwe. "Extreem weer dat voorspeld was voor het jaar 2050 doet zich nu al voor."
Dykgraaf Luzette Kroon oer de wettersneed yn Limburch
Kroon neamt de situaasje yn Limburch 'ferskriklik'. "Het is een grote watersnoodramp." Fryslân mei dan oars wêze as Limburch en folle leger, mar problemen mei heech wetter komme ek hjir foar en sille op 'e nij foarkomme, tinkt de dykgraaf.