Mûlkapkes wer ferplichte yn Fryske sikehuzen

16 jul 2021 - 16:13

Mûlkapkes binne wer ferplichte yn de Fryske sikehuzen. De maatregel wurdt wer ynfierd om't de besmettingssifers oprinne. "Op dit moment liggen er nog enkele coronapatiënten in de Friese ziekenhuizen. Dus de situatie is goed onder controle. Het belangrijkste is voorkomen van verdere verspreiding," seit Idi de Boer fan Nij Smellinghe.

Sikehuzen riede har ta op it oprinnende tal besmettingen:

De mûlkapkes wurde njonken de jildende basismaatregels brûkt. Neffens De Boer is sikehûs Nij Smellinghe goed taret op it tanimmen fan besmettingen. "De draaiboeken liggen klaar, maar we hopen het niet te gebruiken. We gunnen onze medewerkers echt een welverdiende vakantie. Maar als het nodig is, moeten we ervoor zorgen dat er voldoende capaciteit is."

Tiid nimme foar rêst

De sikehuzen brûke de tiid no ek om rêst te pakken. "We draaien onze operatiecapaciteit zoals een reguliere zomer. Maar op dit moment zijn we nog niet bezig met inhaalzorg. Het is belangrijk dat de reguliere zorg goed door kan draaien, maar ook dat onze medewerkers de gelegenheid hebben om even op vakantie te gaan."

Idi de Boer fan sikehûs Nij Smellinghe

(Advertinsje)
(Advertinsje)