RIVM: 228 nije coronabesmettingen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 228 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 31 minder minder as tongersdei, doe gie it om 259 coronabesmettingen.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 224 besmettingen meld. Tongersdei lei dat trochsneed op 211, in wike lyn op 50.
De measte besmettingen binne meld yn de gemeente Smellingerlân, mei 48. Dêrnei folgje Ljouwert mei 37 en De Fryske Marren mei 32.
Dantumadiel, Flylân en Skiermûntseach binne de iennige gemeenten dy't gjin nije besmetting melde.

Gjin stjergefallen en ien sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der is ien pasjint út de provinsje yn in Frysk sikehûs opnaam, it giet om in ynwenner fan Opsterlân.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik

Lanlik binne 11.363 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed waarden de ôfrûne wike lanlik 9.820 besmettingen deis registrearre.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.