De Ljouwerter freedsmerk oer: 'Watfoar simmer wurdt dit?'

16 jul 2021 - 14:47

"Wat wurdt dit foar in simmer?" Mei dy fraach gie ferslachjouwer René Koster nei de Ljouwerter freedsmerk. Want wat kin der allegearre noch? De besmettingssifers rinne op, eveneminten lykas it skûtsjesilen wurde ôfsein en fakânsjebestimmingen kleurje hieltyd reader op de kaart.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De measten jouwe har der by del, sa die bliken: "It is spitich, mar it is net oars."

Sneue boel

"Ach, wy geane no gewoan rêstich yn Nederlân op fakânsje, dat is ek moai." Dat der gjin grutte eveneminten binne, fynt men wol spitich: "Benammen it skûtsjesilen. Dat is in sneue boel. Ek foar alles deromhinne, hielendal foar wa't dêr fan bestean moat."

In jonge frou fertelde dat se hopet op bettere sifers, want: "Oer in moanne sille we nei Italië..." In ynwenner fan in lyts doarp yn Fryslân neamt benammen it doarpsfeest dat ôfsein is spitich. "Sels op in doarp libje minsken al in skoft yn in bubbel. Mei de merke soene wy inoar krekt allegear wer moetsje. We hâlde no jild oer, mar ik hie it leaver útjûn."

Lekker fytse

In oar reagearre hiel lakonyk: "Ik fyn it wol bêst sa. Wy geane wat te fytsen en dêr hawwe wy gjin eveneminten foar nedich. De natuer is ek moai. Wy moatte mar ris leare om wat gas werom te nimmen. We binne fierstente bedoarn."

In oar heakke dêr noch oan ta dat je ek sjen moatte nei alles wat noch wól kin: "De musea zijn open en de terrassen en we kunnen uit eten. Wat mij betreft is er genoeg te doen!"

De freedsmerk: "Wat foar simmer wurdt it?"

Trefwurden: 
freedsmerk simmer coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)