Selstraffen oant tsien moannen yn misbrûksaak 15-jierrich famke

De rjochtbank fan Ljouwert hat selstraffen jûn oant tsien moannen yn in misbrûksaak wêrby't in famke fan 15 jier út Drachten slachtoffer wie. Sy waard op ferskate plakken yn Fryslân en Grinslân oan it wurk set as prostituee. De straffen falle folle leger út as de easken.
Der binne selstraffen oplein yn de misbrûksaak:
De twa manlju út Hurdegaryp en Burgum, dy't neffens justysje it famke derta oansetten en nei de klanten brochten, waarden troch justysje sjoen as haadfertochten.

Selstraf plus behanneling

De Burgumer moat tsien moannen de sel yn en krijt boppedat acht moannen ûnder betingst. Dêrnei moat er him behannelje litte. Hy is feroardiele foar minskehannel, seks mei in minderjierrige en it meitsjen en fersprieden fan berneporno.
De haadfertochte hie reagearre op de earste advertinsje fan it famke. Hy wie har earste klant en dêrnei ûntstie in freonskiplike relaasje. Hy makke advertinsjes mei neakenfoto's en hie kontakt mei potinsjele klanten. De twa dielden de opbringsten.

Minder tarekkenber

It famke hie it nei har sin by de man, fielde har feilich en frege him om har nei de seksôfspraken te bringen. Dat gong sûnder geweld. Fanwegen in steurnis op seksueel flak en yn it autismespektrum is de man boppedat minder tarekkenber, seit de rjochter.
De Burgumer mei trije jier net mear drinke. Hy mei ek gjin kontakt mear ha mei it slachtoffer en net yn de buert komme wêr't se wennet. Dat wurdt mei in ankelbân kontrolearre.

Hurdegariper hie gjin twang brûkt

De man út Hurdegaryp hoecht net mear de sel yn. De rjochter ferwyt him wol dat er allinnich each hie foar syn eigen finansjele gewin. Mar der wiene fersêftsjende omstannichheden, seit de rjochter. Hy hie gjin twang brûkt, it slachtoffer hie sels frege oft de man har nei de klant bringe woe. Boppedat wie de man út Hurdegaryp noch net earder feroardiele.
Hy krijt in selstraf dy't lyk stiet oan de tiid dy't er al sitten hat.
It Iepenbier Ministearje hie twa jier sel easke tsjin de Burgumer, plus ien ûnder betingst. De eask tsjin de man út Hurdegaryp wie seis moanne sel.
Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Sân klanten fan it famke moasten har ek foar de rjochter ferantwurdzje omdat se seks hân hienen mei in minderjierrich persoan. Op de sitting hienen de measten sein dat se net wisten dat se sa jong wie.

Selstraf foar twa klanten

In 34-jierrige man út Drachten moat in healjier de sel yn. Hy wenne by har âlders yn en hat tsien kear seks mei it famke hân, wylst er wist hoe jong oft se wie. Hy krijt ek noch njoggen moannen sel ûnder betingst.
In oare fertochte út Drachten (40) moat trije moannen de sel yn. Hy hie betelle seks mei it famke. Doe't er derachter kaam hoe jong oft se wie, drige hy har âlders en de plysje yn te ljochtsjen en easke er syn jild werom. Njonken de trije moannen sel krijt er ek fjouwer ûnder betingst.

Oaren krije legere straf

De oare fertochten krije fan de rjochtbank in legere straf as de eask fan justysje. Sa moat in man út Frjentsjer 200 oeren taakstraf dwaan. Hy krijt ek 180 dagen sel, mar 179 dêrfan binne ûnder betingst. Hy wie neffens de rjochter net út op seks mei in minderjierrige en boppedat wie it foar it earst dat de man de fout yngongen is. Boppedat skrok er derfan en skamme er him doe't er hearde dat se noch mar fyftjin jier wie.
Manlju út Ljouwert, Grins en Delfzijl krije deselde straf as de Frjentsjerter.
In man út Balk moat ek ien dei de sel yn. Hy krijt wol wat mear oeren taakstraf as de oaren (240), omdat er ek berneporno yn syn besit hie.