Blommen foar Peter R. de Vries by Ljouwerter gerjochtshôf

16 jul 2021 - 14:05

By it gerjochtshôf yn Ljouwert binne freed blommen lein. Misdieferslachjouwer Peter R. de Vries, dy't dizze wike stoarn is nei't er delsketten wie, hat ferskate kearen by saken west yn it Ljouwerter gerjochtsgebou.

De Amsterdamske sjoernalist hat him mei ferskate saken dwaande holden dy't ek yn Fryslân spilen, wêrûnder dy fan Marianne Vaatstra. Heit Bauke Vaatstra wie tongersdei bot rekke doe't er it nijs fan De Vries syn ferstjerren hearde.

Blommen foar Peter R. de Vries by it Ljouwerter gerjochtshôf - Foto: Lennard Geerts

De Vries waard ferline wike yn Amsterdam delsketten nei in útstjoering fan RTL Boulevard. Tongersdei waard bekend dat er oan syn ferwûnings stoarn wie. Op social media kaam dêrnei in oprop om blommen by it gerjochtshôf yn Ljouwert del te lizzen.

Krintebollen

"Ik neem wat van jouw vastberadenheid mee in mijn leven. Dank je voor je held zijn", is op ien fan de kaartsjes te lêzen. Utsein blommen en in kears lizze der ek krintebollen op de trep fan it gerjochtshôf. Dy naam De Vries altyd mei nei rjochtsaken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)