Conny Bloemhoff krijt de Douwe Hooglandpriis foar har ynset foar it lânskip

16 jul 2021 - 12:44

Conny Bloemhoff hat de Douwe Hooglandpriis 2020 krigen om't sy minsken yn de kunde komme lit mei it agrarysk lânskipsbehear. Oan de priis is 250 euro ferbûn.

Conny Bloemhoff organisearret ferskate aktiviteiten om bern en folwoeksenen te belûken by it agrarysk bedriuw en it lânskipsbehear.

Mei it projekt 'Natuerlik Ferskaat mei de mienskip' hat sy ôfrûne simmer mei in groep bern en de boargemaster fan Achtkarspelen in bijehotel makke foar de bijegreide dêr. Sa learden de bern oer it bioferskaat en wêrom't bijen en ynsekten sa wichtich binne.

Brommels!

Mar Conny Bloemhoff docht noch folle mear. Sa hat se mei Brommels!, in evenemint foar toarnbeien, in rûte oanlein dêr't besikers de toarnbeien sykje koene. Op dizze pleats wie ek in ekskurzje foar de Friese Vrijwilligersdag Natuur. De frijwilligers giene doe mei ekspert Karst Meijer it fjild yn en hiene dy dei ek in nije toarnbeiesoarte fûn.

Boppedat ûntfangt Bloemhoff alle jierren in skoalklasse dy't meidocht oan it edukaasjeprogramma 'Takomst foar in unyk lânskip', dat bern leart oer it lânskip fan de Noardlike Fryske Wâlden.

Mei 'Boomwal als apotheek voor vee en bron van biodiversiteit' rjochtet sy har op de beamwâlen yn it lânskip. Ek hat Bloemhoff har ynset foar in bijegreide mei NL Doet en foar Versterking insectennetwerk Surhuisterveen

Foto: Koos Scherjon

Conny Bloemhof krige de priis út hannen fan Albert van der Ploeg, foarsitter fan de Noardlike Fryske Wâlden. De priis is ferneamd nei Douwe Hoogland, dy't fan 2006 oant 2014 foarsitter fan de feriening wie en in soad hat betsjut foar de ûntwikkeling fan it agrarysk natuer- en lânskipsbehear.

(Advertinsje)
(Advertinsje)