Twa tredde fan de posityf teste Friezen is tusken de 18 en 30 jier

Fan de goed 1.400 Friezen dy't de ôfrûne wike posityf test ha op it coronafirus, is twa op de trije tusken de 18 en 30 jier. It giet om 858 persoanen.
© ANP
Dat blykt út sifers fan de GGD Fryslân. De ôfrûne wike binne 1.474 Friezen posityf test op it firus, mear as seis kear safolle in wike earder. Der binne ek mear minsken dy't har teste litten ha: 13.004 de ôfrûne sân dagen. In wike earder wiene dat noch 7.985.

Benammen net-faksinearren besmet

De test- en besmettingssifers lykje neffens de GGD wer op dy yn april, foardat it kabinet ferrommingen fan de coronamaatregels oankundige. De besmettingen binne noch hieltyd benammen by minsken dy't net folslein faksinearre binne.

Aldere generaasjes ek wat mear

Troch de faksinaasjes slacht it firus net in soad oer nei de âldere generaasjes, mar wol faker as earst. De ôfrûne sân dagen rekken 33 minsken fan sechstich jier en âlder besmet. In wike earder wie dat fiif.
Faksinaasjes soargje der ek foar dat besmette persoanen minder siik wurde, mar ek faksinearre minsken binne net folslein beskerme, seit de GGD. Ien op de tweintich kin dochs noch de sykte krije, hielendal no't de Deltafariant de oerhân krijt. Dy fariant is besmetliker as oare farianten.
Oer de hiele provinsje binne der tachtich 'coronaklusters': trije of mear besmettingen dy't oan elkoar te keppeljen binne. Dat giet benammen om kafees en dûnsgelegenheden.