Kazemattenmuseum foar de tredde kear yn ien moanne sûnder wetter

16 jul 2021 - 11:09

It Kazemattenmuseum yn Koarnwettersân sit foar de tredde kear yn in moanne tiid sûnder wetter. It giet foar de twadde kear om lekkerij op it terrein fan Ryskwettersteat, flakby it museum.

It museum sit al wer sûnder wetter:

Monteurs ha it lek ferline kear ticht makke, mar ha in lieding ôfsletten dy't nei it Kazemattenmuseum rint. Dêrtroch sitte se dêr no sûnder wetter.

Earder wiene der ek al wetterproblemen by it museum - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

It museum hat der al ferskate kearen oer oan de belle lutsen by Rykswettersteat, mar it probleem spilet no alwer in wike. Meiwurkers fan it musuem moatte har no dus wer behelpe mei amerkes en jerrycans.

Besikers fan it museum fernimme neat fan de problemen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)