CBS: Leeftiid hat gjin ynfloed op it gebrûk fan de Fryske taal

16 jul 2021 - 08:59

It Frysk ûnder jongerein libbet. Dat stelt it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) nei ûndersyk nei talen en dialekten yn Nederlân. It ûndersyk lit ek sjen dat 40 persint fan de minsken yn Fryslân thús Frysk praat.

Hoe giet it mei de Fryske taal?

Leeftiid liket gjin ynfloed te hawwen op it gebrûk fan it Frysk, de jongerein bliuwt Frysk praten. Dat is ien fan de útkomsten fan it ûndersyk fan it CBS, dêr't minsken yn frege is hokfoar taal oft sy thús it meast prate.

"Goed teken"

Dêr't oare regionale talen yn ús lân in tebekgong sjogge ûnder jongelju, jildt dat foar it Frysk lang sa bot net. Neffens Goffe Jensma, heechlearaar Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins, is dat in goed teken: "Dat de jongerein deselde persintaazjes hellet as de âlderein, lit sjen dat it Frysk libbet."

prof. dr. Goffe Jensma - Foto: ANP

Thús wurdt yn de measte húshâldens yn ús provinsje gjin Frysk praat: 40 persint fan de minsken jout oan dat thús Frysk de fiertaal is. Mei 48 persint is Limboarchsk yn de provinsje Limboarch de iennige taal dy't thús faker brûkt wurdt.

"Dy 40 persint is foar in minderheidstaal net beroerd, ik fyn dat in heech sifer", seit Jensma. Hy relativearret it persintaazje, om't by de berekkening ek gebieten meinommen binne dy't fan âlds net Frysk prate. "Ast de Stellingwerven, It Bilt en de stêden derôf hellest, dan sitst miskien wol boppe de 50 persint."

Funksjoneel Frysk

By de kar foar it Frysk liket njonken leeftiid ek opliedingsnivo net sa'n grutte rol te spyljen as by oare regionale talen of dialekten. Dat seit neffens it CBS dat Frysk sterker woartele is yn alle opliedingslagen as bygelyks Grinslânsk of Drintsk.

Jensma sjocht dat ek: "Dat lit sjen dat Frysk foar minsken funksjoneel is, dat hoecht net perfoarst op it wurk te wêzen, mar kin ek te krijen hawwe mei it útdrukken fan mienskip en identiteit."

Frysk bûten de doar

As minsken thús in oare taal prate as Nederlânsk, is harren ek frege hokfoar taal oft sy bûten de doar it meast prate. De antwurden dêrop litte sjen dat as minsken thús Frysk prate, dat se dat dan ek hast altyd mei buorlju, yn 'e winkel en yn 'e hoareka dogge. Itselde jildt ek foar Limboarchsk yn Limboarch.

Grafyk: wêr prate de minsken de taal noch mear? (docht de grafyk it net goed op jo apparaat, klik dan hjir)

Yn ferliking mei it Limboarchsk falt op dat Frysk ûnder de Fryskpraters ek yn formele situaasjes troch de mearderheid brûkt wurdt, wêr't dat foar it Limboarchsk minder is. It giet dan om plakken lykas op it wurk of op skoalle, mar ek by ynstânsjes as gemeentehuzen.

Frysk is dêrmei de iennige taal njonken it Nederlânsk dy't yn alle situaasjes troch de mearderheid fan de praters brûkt wurdt.

Frysk op sosjale media

De lêste fraach dy't minsken steld waard, wie: "Welke talen gebruikt u in berichten op sociale media?"

Dêrút docht bliken dat de measte Fryskpraters it Frysk ek brûkt op sosjale media. Hast 54 persint fan de minsken dy't thús Frysk praat, brûkt de taal ek op ynternet. Dat is dúdlik heger as alle oare dialekten en regionale talen yn Nederlân, it Limboarchsk komt op twadde plak mei 37 persint.

Hûnekop-effekt

Earder ûndersyk toande oan dat it Frysk yn de Wâlden it meast brûkt wurdt op sosjale media. Dat waard wol it 'Hûnekop-effekt' neamd.

Grafyk: gebrûk fan de taal op sosjale media (docht de grafyk it net goed op jo apparaat, klik dan hjir)

Neffens it CBS past it hege gebrûk fan Frysk op sosjale media by it gegeven dat Frysk in fêstleine stavering hat. Dat betsjut dat der regels binne foar hoe't de taal skreaun wurde moat.

Taalregels fan libbensbelang

Jensma is it folslein iens mei dy tinkwize: "Ik tink dat alle Friezen wol it gefoel hawwe fan 'wy prate in fariant fan in taal dy't ek skreaun wurde kin'. Dy standerdisearre taal is fan libbensbelang. Boppedat tink ik dat de rol fan Omrop Fryslân faak ûnderskat wurdt. De Omrop lit sjen datst it folsleine libben yn it Frysk werjaan kinst, dat is der net yn Limboarch of yn Grinslân."

Trefwurden: 
Frysk CBS ûndersyk Fryske taal
(Advertinsje)
(Advertinsje)