PC set 'QR-koade-helpbrigade' yn en hopet it bêste foar it keatsevenemint

De kaartferkeap foar de lêste kaarten foar de PC yn Frjentsjer is úteinset. De organisaasje hopet noch hieltyd dat it keatsevenemint trochgean kin. Om minsken feilich binnen te krijen mei in coronabewiis is der sels in 'QR-koade-helpbrigade' opset.
Yn 2020 wie der in wedstriid foar jongelju op it Sjûkelân © Orange Pictures
Der binne dochs wer wat kaarten beskikber kaam foar de PC op 4 augustus. Nei oerlis mei Veiligheidsregio Fryslân die bliken dat de organisaasje ôfrûne sneon, doe't de kaartferkeap los gie, wat oan de foarsichtige kant west hat. Der binne no wer in pear hûndert kaarten bykaam.
"Sa't it no stiet liket it troch te gean", seit foarsitter Ids Hellinga. "Wy witte net wat der de kommende wiken op ús ôf komt. Mei de maatregels dy't der no lizze, liket it dat in PC gewoan organisearre wurde kin."

Oars as skûtsjesilen

In hiel oar ferhaal as dy fan dy oare Fryske sport, it skûtsjesilen. Hellinga: "In grut ferskil tusken in keatswedstriid en de skûtsjesilerij is dat wy in ôfskerme eveneminteterrein hawwe dat we kontrolearje kinne. Dat wurdt dreger as je om in mar hinne stean. Dêr sit ek wol de eangst by de oerheden, tink ik. "

QR-koade-helpbrigade

Foar de feiligens moatte minsken mei in QR-koade oantoane kinne dat sy feilich binne en gjin coronafirus hawwe. Mar dat hat noch wol wat fuotten yn 'e ierde, seit Hellinga. "De realiteit is dat der yn de ôfrûne wiken in soad minsken by ús kaam binne dy't fregen hoe't sy dat foarinoar krije moatte."
Foarsitter Ids Hellinga en boumaster Theunis Bakker fan de PC
Dêrom hat de PC in ynrinmiddei yn it Keatsmuseum, takom freed fan 15.00 oant 17.00 oere. "Dan sil der in oantal minsken mei in laptop sitte dy't minsken helpe kinne om in QR-koade op in telefoan te krijen. Of it op papier te krijen. Wy hawwe it de QR-koade-helpbrigade neamd."

Omjouwing ek eveneminteterrein

Neffens boumaster Theunis Bakker fan de PC komt der noch hiel wat by de organisaasje sjen. "Wy hiene oars allinne wat stekken om it Sjûkelân hinne. Mar no is it hiele gebiet deromhinne in grut eveneminteterrein. Dus dat moatte wy ôfslute, wylst de minsken dy't der wenje noch wol thúskomme kinne."
Ek wat it iten en drinken oanbelanget moat der wat feroarje. "Wy hawwe ôfrûne freed te hearren krigen dat we allegearre sitte moatte. Dat is noch wol in ding, want minsken moatte dus ek sitte as se ite of drinke wolle", seit Bakker.