Spoarbrêge by Frjentsjer fersakket: sawat de hiele dei gjin treinen

By Frjentsjer is troch wurksumheden in spoarbrêge fersakke. Dêrtroch rieden der de hiele dei gjin treinen tusken Ljouwert en it stasjon Harns Haven.
De âlde spoarbrêge fersakket:
De spoarbrêge oer de Arumer Feart komt al út 1862. Earder sei ferfierder Arriva dat de problemen kamen troch in oanfarring, mar ProRail meldt no dat der oan de brêge wurke wurdt. Dy moat takom jier ferfongen wurde. By de tarieding op dat wurk is dus in diel fersakke.
ProRail doarde freed net te sizzen hoelang't it opûnthâld duorret. "We zijn nu aan het kijken of het nog veilig is om erover heen te rijden", sei in wurdfierder fan de spoarbehearder.

Bussen mei romte foar bagaazje en fytsen

Reizgers moasten de reisplanner fan Arriva yn de gaten hâlde.
Arriva hat bussen ynset. By de bussen hearde ek in karre, sadat de bagaazje en eventuele fytsen fan de reizgers ek mei kinne.

Drokte nei de eilannen

Fanwege de fakânsjetiid is it drok yn de treinen nei Harns ta, mei minsken dy't yn Harns op de boat stappe nei Flylân of Skylge. De ekstra reistiid tusken Ljouwert en de haven yn Harns wie mear as in oere.
De fersakke brêge © Omrop Fryslân, Lennard Geerts