Caravans en treintsje ôfbrând by camping yn Ljouwert

Op in terrein flakby camping De Kleine Wielen yn Ljouwert binne twa caravans en in treintsje yn flammen opgien.
De brân by De Kleine Wielen © Kappers Media
Doe't de brânwacht nei in melding yn de nacht fan tongersdei op freed oankaam, stiene de weinen al folslein yn de brân. Omdat der mooglik gasflessen oanwêzich wienen, bleau de brânwacht op in ôfstantsje. Dêrom duorre it in skoftke foardat it fjoer út wie.
Neffens omstanners wie der in hurde knal by de brân. De brânwacht kin dat net befêstigje.

Sinnepanielen stikken

De oerkaping dêr't de weinen ûnder stienen, bestie foar in grut part út sinnepanielen. Ferskate panielen binne troch de brân stikken gien en parten dêrfan lizze no yn de omjouwing. Hoe grut oft it gebiet is dêr't de sinnepanielen bedarre binne, wurdt freed ûndersocht.