Wykliks tal coronabesmettingen flink oprûn: yn twa wiken fan 69 nei 1.474

16 jul 2021 - 07:30

Dêr't twa wiken lyn noch mar 69 coronabesmettingen registrearre waarden yn Fryslân, giet it no om 1.474. Dat is mear as 21 kear safolle. It trochsneed oantal besmettingen lei yn de ôfrûne wike op sa'n 211 deis, in wike earder lei dat noch op 33.

Foto: ANP

De gemeente Súdwest-Fryslân hie mei 258 registraasjes de measte besmettingen, dêrnei folgen Ljouwert mei 217 en Smellingerlân mei 196 besmettingen.

Amelân: omrekkene measte besmettingen

Op dit stuit is it tal besmettingen omrekkene nei it tal ynwenners yn de gemeente Amelân it heechst. Dêr binne omrekkene 1.426 besmettingen op 100.000 ynwenners fêststeld.

Dêrmei stiet Amelân op nûmer 1 yn de list mei gemeenten mei de heechste besmettingsgraad. Heger as Grins, Utrecht en Amsterdam bygelyks, al moat der wol by sein wurde dat it tal ynwenners fan Amelân mar hiel beheind is. Dat hat grutte ynfloed op de besmettingsgraad.

Dêrnei folgje De Fryske Marren mei 388 besmettingen de 100.000 ynwenners en Smellingerlân mei 349 besmettingen de 100.000 ynwenners.

Allinne de gemeente Skiermûntseach bleau dizze wike noch frij fan besmettingen.

Ien stjergefal en ien sikehûsopname

Yn de ôfrûne wike is der ien Fries ferstoarn dy't it coronafirus hie. It giet om in ynwenner fan Waadhoeke. Der is ien Fries opnaam yn in sikehûs, in ynwenner fan Súdwest-Fryslân.

Yn totaal mear as 45.000 Friezen corona hân

Mei de 1.474 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 45.594 Friezen it coronafirus fêststeld.

It offisjele stjertesifer yn ferbân mei it firus yn ús provinsje stiet op 479. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net eltsenien test wurdt. Dêrom is net fan elk stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

Tal besmettingen en stjergefallen de wike

WIKE BESMETTINGEN STJERGEFALLEN
9 july - 15 july 1.474 1
2 july - 8 july 232 0
25 juny - 1 july 69 1
18 juny - 24 juny 89 0
11 juny - 17 juny 136 1
4 juny - 10 juny 267 1
28 maaie - 3 juny 540 0
21 maaie - 27 maaie 674 2
14 maaie - 20 maaie 927 3
7 maaie - 13 maaie 1.129 3
30 april - 6 maaie 1.177 4
23 april - 29 april 1.358 4
16 april - 22 april 1.505 1
9 april - 15 april 1.470 6
2 april - 8 april 1.533 4
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)