Fryske follybalsters helje finaleronde op WK ûnder de 20 jier

15 jul 2021 - 22:29

De follybalsters fan Jong Oranje, mei twa Fryske spylsters, stean yn de heale finale fan it WK foar spylsters jonger as 20 jier. It team wûn mei 3-2 fan Amearika en is dêrtroch pûlwinner wurden.

Rixt van der Wal, hjir yn it VC Sneek shirt - Foto: VC Sneek

De Fryske spylsters, Hyke Lyklema fan De Gordyk en Rixt van der Wal fan Haskerhoarne kamen yn de tredde set yn it fjild doe't Nederlân mei 2-0 foar stie.

De folgjende twa sets giene nei Amearika. "Dat lei foaral oan ús eigen spul. De skerpte wie der wat ôf omdat wy mar ien set hoegden te winnen om wis te wêzen fan de heale finale. Mar earlik is earlik, Amearika begûn ek better te spyljen", analysearret Rixt van der Wal.

De midspylster komt gewoanwei út foar VC Sneek yn de earedifyzje. De oare Friezinne, Hyke Lyklema, spilet ek yn de earedifyzje, by it Talentteam Papendal.

Sneon spilet Nederlân de heale finale tsjin Servië. By winst wachtet snein yn de finale de winner fan de oare heale finale tusken Italië en Ruslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)