Huzen lêste faze Drachtster Feart al útferkocht by berikken heechste punt

15 jul 2021 - 21:34

Nei in oantal drege jierren giet it poerbêst mei it Drachtster Feart-projekt. Tongersdei waard it heechste punt berikt fan de nije buert 'Yn 'e lijte'. De 150 huzen yn oanbou lizze op in skiereilân yn de Drachtster Feart en binne neffens de ferkeapend makelder 'rôversguod'.

De wenten yn de lêze faze fan it Drachtster Feart-projekt wurde takom jier oplevere - Foto: Omrop Fryslân

Om't yn Smellingerlân op dit stuit folle mear fraach is nei wenten as oanbod, moat der sa gau mooglik mear boud wurde, sei wethâlder Robin Hartogh Heys van de Lier fan Smellingerlân.

De wethâlder hopet dat nei de simmerfakânsje sa gau mooglik begûn wurde kin mei it ûntwikkeljen en bebouwen fan de nij wenwyk Vrijburg. "De woningbehoefte is op dit moment duidelijk groter dan de vraag. Dat hoor ik van de makelaars."

Bou duorret noch wol

By it offisjele momint wiene ek de oankommende bewenners útnûge. Ien fan de nije bewenners is Erik Hofstee. Hy ferruilet syn hûs yn de wyk de Drait graach foar nijbou oan it wetter. "Ik haw trije bern ûnder de tolve, dy wolle hjir no al hinne om te swimmen en gek te dwaan."

De famylje Hofstee sil lykwols noch even wachtsje moatte, want de oannimmer hantearret 250 wurkdagen as termyn foar it ôfbouwen en ôfwurkjen fan de huzen. Yn it gefal dat guon materialen net te krijen binne, kin it yn guon gefallen ek langer duorje, sa warskôge de oannimmer.

Nei 20 jier de ein

Mei it folbouwen fan de lêste faze komt nei sa'n 20 jier in ein oan de ûntwikkeling fan it Drachtster Feart-projekt. Mei it projekt waard begûn yn kombinaasje mei it wer útgraven fan de Drachtster Feart nei it sintrum fan Drachten.

Wethâlder Robin Hartogh Heys van de Lier fan Smellingerlân

Yn de tiid fan de boukrisis gie it jierren minder goed mei it projekt en waard sels tocht oan it beheinen fan it tal nijbouwenten. Wethâlder Hartogh Heys woe dêr tongersdei net al te lang by stilstean.

"Ik weet dat het lastig is geweest, maar dat was voor mijn tijd. Het gaat er nu om dat er weer gebouwd wordt en dat we blijven bouwen. Niet omdat ik dat leuk vind, maar omdat er behoefte aan woningen is. Niet alleen in Drachten, maar ook in de dorpen van Smallingerland."

(Advertinsje)
(Advertinsje)